Foar Nederlân unike poddestoelsoart ûntdutsen yn Drents-Friese Wold

07 aug 2019 - 11:58

In foar Nederlân unike poddestoel is ûntdutsen yn it Drents-Friese Wold. De soart hat noch gjin offisjele Nederlânske of Fryske namme, om't er noch net earder yn Nederlân oantroffen is. De Nederlânske Mycologische Vereniging stelt foar om de swam de 'oranje sparrenhoutzwam' te neamen.

Foto: Rob Chrispijn

De Pycnoporellus fulgens, sa't de poddestoel offisjeel hjit, komt allinnich foar yn âlde nuddelbosken dy't lang mei rêst litten binne. Poddestoelsaakkundigen neame de swam in 'oerwâldsoart'. "Deze vondst toont aan dat de prachtige, oude sparrenbestanden in Drenthe nu vergelijkbaar zijn met de natuurlijke, onaangetaste bossen in Scandinavië", seit wittenskipper Rob Chrispijn, dy't de swam fûn.

De Pycnoporellus fulgens is ek yn oare Europeeske lannen in seldsume soart, dy't benammen yn it middenberchte fûn wurdt. Yn lannen dy't direkt oan Nederlân grinzgje, is de swam noch net fûn. De Mycologische Vereniging ûndersiket noch wêrom't de poddestoel no ynienen yn leger lân foarkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)