Ekstra subsydzje foar Oerol

04 jul 2012 - 07:10

De organisaasje fan Oerol hat de gemeente frege om de subsydzje foar it Skylger festival te ferdûbeljen nei in ton yn it jier.

Dat ekstra jild is nedich om't it festival hieltyd minder subsydzje krijt. De iennichste subsydzje dêr't se noch oanspraak op meitsje is dy foar poadiumkeunsten, mar dan moat der ek mear jild út de regio komme. De provinsje hat earder al ekstra jild tasein. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dat ek dwaan.

Tiisdeitejûn is der yn de riedskommisje oer praat. Dêr die bliken dat trije partijen ek posityf binne, ien oare partij moat der noch even oer neitinke. Oer twa wike falt it beslút yn de gemeenteried.

Trefwurden: 
subsydzje Oerol
(advertinsje)