Earste list Freule sit derop: Dronryp De Hommerts-Jutryp, Reduzum al nei hûs

07 aug 2019 - 11:39

De earste list fan de Freule yn Wommels is út. Der stiene 41 partoeren op de earste list, fan wa't 21 troch binne. De grutste ferrassing wie it ferlies fan Dronryp. Mei alles oan 'e hang gie de regearjend nasjonaal kampioen ûnderút tsjin Sint-Jabik.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In oare ferrassing wie it ferlies fan De Hommerts-Jutryp. Jitze Floris en de bruorren Bert en Aizo Veltman (soannen fan âld-PC-winner Coos Veltman) ferlearen mei 5-4 6-6 fan Raerd (Jelmer Drijfhout, Jens Kooistra en Sybrand Velthuis).

Finalist ferline jier ferliest

Reduzum waard ek ta ien fan de favoriten rekkene: sy keatsten mei trije jonges dy't ferline jier noch de finale hellen, Jesper Tolsma, Melle Fopma en Jehannes Brinksma. Mar ien fan de oare favoriten, Kimswert, wie te sterk mei 5-3 6-6.

Eksmoarre waard dizze kear net ta de favoriten rekkene, mar helle foarich jier noch wol de tredde priis. Fan dat partoer die no allinnich noch Christiaan Stremler mei. Se ha ferlern fan Spannum: 5-3 6-2.

Ek it thússpyljende partoer Wommels leit derút. Sy ferlearen mei 5-2 6-6 fan Minnertsgea.

Oare favoriten

Berltsum wurdt troch de winners fan ferline jier, Eanjum, tipt as topfavoryt. Dat meitsje se oant no ta wier: Allard van Wigcheren, Thomas Dijkstra en Rink Rutmer Sterk wûnen mei 5-0 6-6 fan Ingelum. Eanjum is der dit jier sels trouwens net by.

Winsum wurdt ek tipt as finalist en wûnen wol, mar makken net al te folle yndruk: 5-4 en 6-4 tsjin Stiens.

1e list Freulepartij

1. Ljouwert 2. Balk 5-1 6-2
3. Folsgeare 4. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 0-5 2-6
5. Stiens 6. Winsum 4-5 4-6
7. Tsjom 8. Gaast/Ferwâlde 4-5 2-6
9. Spannum 10. Eksmoarre 5-3 6-2
11. Makkum 12. Arum 3-5 6-6
13. Baard 14. Reahûs-Turns 5-1 6-4
15. Ternaard 16. Goaiïngea 5-3 6-0
17. Minnertsgea 18. Wommels 5-2 6-6
19. De Hommerts-Jutryp 20. Raerd 4-5 6-6
21. Jelsum-Koarnjum-Britsum 22. Jellum-Bears 2-5 6-6
23. Ingelum 24. Berltsum 0-5 6-6
25. Kimswert 26. Reduzum 5-3 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 28. Dokkum 5-4 6-6
29. Boalsert 30. Ferwert 4-5 6-6
31. Sint-Jabik 32. Dronryp 5-5 6-6
33. Lollum-Waaksens 34. Harns 2-5 4-6
35. Moarre-Ljussens 36. Menaam 5-5 6-6
37. Grou 38. Bitgum 5-3 6-2
39. Akkrum 40. Hantum 5-1 6-6
41. Wytmarsum

Op de twadde list hat Akkrum in steand nûmer.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(advertinsje)
(advertinsje)