Brânwacht rêdt kat út daksgoate yn Drachten
De Drachtster brânwacht moast woansdeitemoarn yn aksje komme foar in kat. It bistje siet fêst yn in daksgoate fan in wenning oan de Jelle Plantingstraat yn Drachten.
Mei de ljedderwein binne de minsken fan de brânwacht nei boppen gien. Se koenen de kat sûnder muoite pakke. De kat is oan de eigener jûn.