Snits is klear foar Hurdsyldei; tal fan frijwilligers yn it spier

07 aug 2019 - 10:08

Hichtepunt fan de Snitswike is de Hurdsyldei op dizze woansdei. Tal fan frijwilligers binne yn it spier. Ien dêrfan is Theo Otter, hy fersoarget de catering by de Starttoer op it Starteilân.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Der binne wol sa'n 80 frijwilligers en dy moatte iten hawwe. It is in hiele regelerij, ik begjin om sân oere moarns oant sân oere jûns. Arbotechnysk is it net ferantwurde", laket Theo Otter. Fanwege in stjergefal yn de organisaasje is er koartlyn frege om it wurk oer te nimmen.

"Ben Overkamp die dit wurk hjir by de toer al in jier of fiif, seis. Hy is hommels ferstoarn en doe wie ien nedich. En ik bin krekt mei pensjoen, dus ha it wol oan tiid. It is sturtswylje."

It stjergefal hie in soad ympakt op de organisaasje. "Doe't de Snitswike sneon begûn, ha we der by stilstien. Ik sei, we kinne net samar begjinne, dus we ha earst even praat. Dat wie bêst emosjoneel. Mar de tocht moat ek wer begjinne, de sinne giet altyd wer op."

René Koster praat mei Theo Otter by de Starttoer

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neist it silen komme ek in soad minsken op de aktiviteiten fan de Snitswike ôf. "It giet om de wedstriden en it feest deromhinne. Sa'n tachtich prosint stiet mei de rêch nei de mar, en de rest is ynteressearre yn de wedstriden. Foar in soad minsken is it ek in reüny."

Publyk op it Starteilân - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

In oare frijwilliger is Wouter Huisman, hy sit op ien fan de fiif rescueboaten mei 50 PK. Se hâlde alle boaten yn de gaten en kinne rap teplak wêze as der wat oan de hân is. "We hâlde sicht op de mar, der binne 700 boaten op it wetter en der kin samar wat wêze. In stikkene staach of ien slacht om. By in flaach wyn kinne samar meardere boaten omslaan. We moatte goed sjen, alert wêze op ôfwikend gedrach."

René Koster praat mei Wouter Huisman

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neist doel oer silen moat er ek wat fan EHBO witte. "Mar wat je op in kursus yn in leslokaal leare, is wol wat lestiger om dat yn in rubberboat ta te passen." Twa dagen lyn ha se mear as 25 kear yn aksje komme moatten.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster kaam ek in trouwe besykster fan de Snitswike tsjin. Al 84 jier komt se by de Snitswike. "Ik kaam der as poppe al. Ik wit net better en bin dermei opgroeid." Earder koe se in soad dielnimmers dy't út Snits kamen, mar no net mear. Dat fynt se wol spitich.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
Snits Snitswike sile Hurdsyldei
(advertinsje)
(advertinsje)