Kollum: "Befeiliging"

07 aug 2019 - 08:33

"Moandeitejûn, it rûn al tsjin tolven, stie ik efkes by it skûtsjefeest yn Wâldsein. Der wie ien grutte dinende massa foar kafee de Watersport. Se hiene muzyk en út foarsoarch ek noch mar efkes in dekskipke yn de Ie dellein. En in taap bûten op de wâl. Fansiden stie in befeiliger it hear oer te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

Eelke Lok

Ik fertelde dy befeiliger dat eartiids kafeebaas Frâns van der Molen dêr bier servearde op de draaibrêge, dy't der doe noch wie. Brêgewachter Gaps draaide gewoan tusken it bier útsuteljen troch. En Frâns rôp doe "de hiele wrâld is myn terras".

De befeiliger gniisde. Dat hie hy ek wol oan tiid, want der wie net ien dy't dwers lei. Fleurich folk. Hy moast der lykwols al stean, want oars hie it kafee net iepen kinnen, hie der net muzyk west en hie der net in dekskipke yn de Ie lein. Dêr wurde de no fleurige minsken dan net fleurich fan. Se twinge de pakesizzer fan âlde Frâns it mar wol te dwaan. Mar goed ek, want efkes letter stie pake sels der ek noch te dûnsjen.

We ha op 't heden yn Fryslân in soad fleurige barrens. En oeral moat befeiliging by. De betingsten dêr't in organisaasje oan foldwaan moat, binne frij swier. It is net mear aardich dat al dy entûsjaste frijwilligers, dy't wat op tou sette wolle, safolle fan dy betingsten op harren pantsje krije dat se der wolris tsjin op sjogge om de organisaasje trochgean te litten.

De oare kant fan it ferhaal is dat der op guon plakken safolle ferkearde dingen bard binne, dat je der net mear ûnderút komme. Dat betsjut dat we no allegear saken betinke dy't miskien, mar wierskylik nea, barre sille, mar dêr't je wol rekken mei hâlde moatte. Der binne al skûtsjeorganisaasjes dy't frege binne nei in ûnderkommen foar de 10.000 besikers, yn gefal fan in needsitewaasje.

Wy kinne ús gjin inkele foarstelling meitsje fan in needsitewaasje wêrby't 10.000 besikers fan in skûtsjewedstriid ûnder dak brocht wurde moate. Ek al reinde it ferline wike, se bleaunen moai sitten. En seit dy fergunningsamtner: as der dan 10.000 minsken binne, moat der ek plak foar 5.000 auto's wêze, wêr sette jim dy del? Ik leau dat se doe opDde Lemmer sein ha dat se dy 10.000 minsken dan mar yn dy 5.000 auto's proppe, dan binne se teminsten feilich foar in flinke sniebui.

De betingsten komme fan de oerheid. De oerheid is formalisme. Yn dit gefal gemeentlik formalisme. En benammen yn elke gemeente eigen formalisme. Dat makket it foar bygelyks de SKS betiizjend dat se net ien fergunning oanfreegje kinne. Formalisme betsjut ek dat it tal betingsten aloan grutter en oars wurdt, want oars ha dy amtners neat te dwaan.

Dêrtroch wurde dan ek de tiidstippen dêr't je de fergunningen op oanfreegje moatte, hieltyd earder. Want oars kinne se it op it gemeentehûs net goed besjen en deroer âldehoere en wer nije betingsten betinke. Mar Frâns hat mei de Krystdagen echt noch net oer in dekskipke neitocht.

Bestjoerders (oant de boargemaster ta) fan gemeenten fine it ek oerdreaun. Se kinne net oars. Stel je foar dat der dochs wat barre soe. En net te ferjitten, wy meitsje dy eveneneminten aloan grutter, want wy fine it moai. Allegear derhinne.

We binne hjoed allegear op Hurdsyldei op de Snitswike. Of by de hynders yn Bûtenpost. Of by de Freule yn Wommels. Of by it skûtsjesilen op De Lemmer. E-day yn Fryslân. Evenemintedei. De wettersportferiening KWS yn Snits, de Stichting Paardensportcommissie Buitenpost, de Stichting de Freule en de sylferiening de Zevenwolden op De Lemmer ha de ôfrûne winter har bryk skreaun om de fergunningen binnen te krijen.

It sil slagge wêze, want oars hiene we yntusken al heard dat der hjir of dêr wat net trochgiet. Ik doar net te tellen hoefolle befeiligers oft der hjoed warber wêze sille, want der is ek noch wol folle mear rûnom yn de provinsje.

Dy provinsje soe der goed oan dwaan troch in effektive Veiligheidsregio sa yn te klaaien, dat der net aloan yn de fergunningen fan besteande eveneminten elke kear wer wat feroarje moat, omdat ien of de oare hapsnurker wer wat nijs betocht hat."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)