65 jier seeswimtocht Harns

03 jul 2012 - 22:15

De seeswimtocht fan Harns fiert dit jier syn 65-jierrich bestean. It giet om in tocht fan twa kilometer lang, dy't fan de Harnzer haven fia iepen see nei it Harnzer strân giet.

It is de organisaasje net slagge om de tocht ek 65 kear te hâlden. Hy moast geregeld ôfsein wurde, ûnder oare troch min waar. It giet dêrom dit jier om de 39e edysje fan de tocht. De organisaasje hopet dêrby op 50 wedstrydswimmers en 100 rekreanten. Dy starte sneintemiddei om healwei twaen.

Publyk kin de tocht folgje fan de Suderpier ôf.

Trefwurden: 
Harns seeswimtocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)