World Sport Games yn Fryslân?

11 nov 2011 - 14:13
Foto: Omrop Fryslân

Yn Turkije falt freedtejûn it beslút oft de World Sport for All Games yn 2016 yn Fryslân binne. Foar de Fryske delegaasje yn de Turkske haadstêd is it in spannende dei. Se moatte freedtemiddei in presintaasje jaan.

It ynternasjonale sportevenemint World Sport for All Games biedt sûnt 1992 in poadium oan tradisjonele streeksporten foar tûzenen sporters út de hiele wrâld. Sa hie in delegaasje fan fierljeppers út Fryslân en Noard-Hollân yn 2008 noch in soad súkses doe't it evenemint yn Koreä hâlden waard.

(advertinsje)
(advertinsje)