Liveblog | 7 augustus 2019

LIVEBLOG Freule 2019: Winsum wint nei comeback fan Berltsum

Folgje de Freule yn dit liveblog of by op Omrop Fryslân Radio. De finale stjoere we online live út.
Lêst bywurke: 7 augustus 2019, 19:26
woansdei 7 augustus 2019
18:21

Winsum wint!

Winsum wint nei in spektakulêre comeback foar it earst yn de histoarje de Freule! Lês hjir it ferslach. We slute it liveblog fierder ôf. De reaksjes fynst ek op ús webside en yn de app.
18:13

No 5-5

Berltsum is noch net ferslein hear! Op 6-2 yn it earst komt Hessel Postma de keats net foarby, wêrtroch't Berltsum wer op likense hichte komt. It is 5-5, dus noch ien beslissend earst!
18:06

Winsum op foarsprong

Wat in comeback! Winsum stiet no sels foar: op 6-2 yn it earst slacht Hessel Postma in boppeslach op de opslach fan Thomas Dijkstra. It is no 5-4 foar Winsum, dy't dus noch ien earst nedich ha.
17:59

4-4

Gosse de Haan hat de smaak te pakken: hy rjochtet syn opslaggen allegear op Allard van Wigcheren en dat docht fertuten. Mei in boppeslach fan Hessel Postma wurdt it sels 6-2. Troch in kwea-opslach fan Van Wigcheren wurdt it sels 4-4.
17:52

Spanning is werom: 4-3

Yn it wichtige sânde earst hie Berltsum in skjinne seis foarsprong yn it earst, mar Winsum komt werom oant 6-6. En dan slacht Gosse de Haan in sitbal: we ha wer in partij! It is 4-3.
17:48

4-2 no

Gosse de Haan slacht de bal dik boppe en dêrmei hat Winsum in spul binnen. Berltsum noch wol op foarsprong: 4-2.