Céline van Gerner hâldt nei 17 jier op mei turnjen

Céline van Gerner (1994) hat besletten om op te hâlden mei turnjen. Se fynt dat it tiid wurdt foar nije útdagingen. De Emmeloordse hat altyd traind op It Hearrenfean.
© Dutch Gymnastics / Carolien Visser
"Na 17 jaar komt er een punt achter een prachtig hoofdstuk uit mijn leven. Ook al zijn de Olympische Spelen van Tokyo dichtbij voor velen; plezier, commitment en drive staan voorop om te kunnen presteren. Ik merkte dat ik niet meer 100 procent kon geven en daarmee moest ik eerlijk naar mezelf en mijn teamgenoten zijn en het durven om een nieuwe weg in te slaan", seit Van Gerner.
Nei in operaasje hat se it ôfrûne jier oan it refalidearjen west en kaam se nei it EK fan 2018 net mear yn aksje. Yn dy perioade hat se ek neitocht oer wat se fierder wol. "Ik houd van de sport, van het spelletje. Maar ik kon het niet meer elke dag. De laatste tijd stond ik nog met één been in de turnhal, maar was ik deels ook al bezig aan mijn leven na mijn turncarrière. Het is moeilijk geweest om een definitief besluit te nemen en de knoop door te hakken. Maar het is goed zo."
Se sjocht tefreden werom. "Mijn hele carrière is simpelweg één grote medaille. Ik ben trots op wat ik heb bereikt. Jarenlang heb ik op topniveau meegedraaid en grote finales mogen turnen."

Olympyske Spelen

Se die twa kear mei oan de Olympyske Spelen. Yn 2012 waard se yn Londen 12de yn de mearkampfinale en yn 2016 helle se mei de Nederlânske ploech it sande plak yn de lannefinale. "De Olympische Spelen in Londen staan nog altijd op nummer één. Onlangs ben ik terug geweest naar Londen om alles af te sluiten. Vanaf dat moment is het rustig in mijn hoofd."

Ofskied

Op 31 augustus nimt Van Gerner offisjeel ôfskied as topsporter op de WK-kwalifikaasje op de Dutch Gymnastics The Trials op It Hearrenfean.