In dei derop út yn Fryslân wurdt rap djoerder

07 aug 2019 - 08:01

It is de ôfrûne jierren flink djoerder wurden om der in dei op út te gean yn Fryslân. Ut sifers fan ferskillende attraksjes docht bliken dat de priis yn fiif jier gemiddeld mei 17,5 persint omheech gien is.

Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) docht bliken dat it yn hiel Nederlân djoerder wurdt op derop út te gean. Yn de ôfrûne fiif jier binne de prizen fan klean en meubels mei in lytse 7 persint omheech gien, mar in dei nei in attraksjepark waard yn deselde tiid 14 persint djoerder, en in dei nei de dieretún kostet yn 2019 hast 17 persint mear as yn 2014.

Omrop Fryslân hat by seis Fryske attraksjes útsocht hoe't de prizen fan no har ferhâlde ta dy fan fiif jier lyn. Der binne grutte ferskillen tusken de parken ûnderling.

Foto: ANP

Aventoer

By klimpark Aventoer betelje je gjin tagongskaartsje. As je binnen binne, kinne je sels sjen hokker aktiviteiten je dwaan wolle. Sa betelje je foar in kertier lasergamen in tientsje, en foar 'Glow in the dark midgetgolf' 7,57 euro. Yn dit park kinne je dus op it plak sels bepale hoefolle jild oft je besteegje wolle. Al sûnt de iepening yn 2014 is dit de manier fan wurkjen by it park.

AquaZoo

Dieretún AquaZoo is in pear jier lyn fan eigener feroare. Fan de jierren dêrfoar binne gjin gegevens mear beskikber. Meiwurkers koene net sizze wat in tagongskaartsje yn 2014 koste. Dit jier is dat 15 euro, foar bern en foar folwoeksenen. Mei in famylje mei twa bern betelje je hjir dus sechtich euro foar in dei.

Sanjesfertier

Boarterspark Sanjesfertier yn Feanwâlden is de ôfrûne fiif jier in stik goedkeaper wurden. Yn 2014 koste in kaartsje noch 8,50 euro. Dit jier is dat 50 sinten minder. Yn de tuskenlizzende jierren wie in kaartsje djoerder. Eigener Wimer Visbeek seit dat er normaalwei de prizen alle jierren mei in kwartsje omheech docht, mar dat er dêr in skoftke lyn oanmerkingen oer krige fan 'krityske memmen op Facebook'. No't er de prizen ferlege hat, is de kaartferkeap mei sa'n tritich oant fjirtich persint omheech gien. In famylje is no sa'n twa euro minder kwyt as fiif jier lyn.

Duinen Zathe

Duinen Zathe yn Appelskea hat de prizen yn de ôfrûne jierren aardich ferhege, mar foar dat jild krije je no ek hiel wat mear. In meiwurker fan it park skat yn dat in kaartsje yn 2014 sa'n tsien euro koste. Dat is no sa'n 14,50 euro. Dêrfoar krije je dan ek safolle patat, iisko's en drankjes as je mar wolle. Sokke all-inclusive-kaartsjes wiene der yn 2014 noch net.

Speelpark Sybrandy's

Speelpark Sybrandy's yn Aldemardum is neffens de eigen webside it goedkeapste attraksjepark fan Nederlân. Sûnt 2014 binne de prizen wol wat omheech gien. Doe koste in kaartsje 8,40 euro. No is de priis 9,60 euro, foar bern en folwoeksenen. It park giet oan de ein fan it jier ticht, omdat de eigener mei pensjoen giet. Hy siket al sûnt 2013 om in opfolger.

Jonas en de Walvis

Wetterpark Jonas en de Walvis is rjochtet him op de lytskes. In kaartsje foar in folwoeksene is hjir goedkeaper as foar in bern. De prizen binne de ôfrûne fiif jier in bytsje omheech gien. In folwoeksene betellet no 3,25 euro. In bern 7 euro.

Eigener Wimer Visbeek fan Sanjes Fertier

Trefwurden: 
CBS Recreatie
(advertinsje)
(advertinsje)