Craig Osaikhwuwuomwan spilet ek takom jier foar Aris

07 aug 2019 - 07:41

Basketballer Craig Osaikhwuwuomwan spilet ek takom jier foar Aris yn Ljouwert. De 28-jierrige Craig O. sleat ferline seizoen healwei desimber al oan by de seleksje. Aris is wiis mei de Nederlânske spiler dy't de nedige lingte en ûnderfining meibringt.

Foto: Adrie Hoogesteger

De 2.11 meter lange forward/center spile earder ek al by Aris, yn 2012-2013 en 2016-2017. It tal kontraktearre spilers by Aris foar takom jier stiet no op njoggen.

Yn de Dutch Basketball League spile Craig yn syn karriêre ek foar Amsterdam, Nijmegen, Zwolle en Grins yn de Dutch Basketball League.

(Advertinsje)
(Advertinsje)