Lytse Saskia's dreech te finen

Saskia van Uylenbrugh
It is de Stichting Culturele Herdenkingen in Fryslân noch hieltyd net slagge om in poppe mei de namme Saskia te finen foar de fiering fan it 400ste bertejier fan Saskia Uylenburgh. Op 13 oktober is yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in foarstelling oer de frou fan Rembrandt van Rijn. Dan wurdt ek de doop neispiele en dêrom siket de organisaasje in krekt berne poppe dy't Saskia hjit.
Yntusken hat de stichting ek ferskate ferloskundigen frege om mei te sykjen. De poppen kinne oanmeld wurde op saskia400.nl.