Bysûnder ôfskied op Concours Hippique yn Bûtenpost

07 aug 2019 - 07:13

Neist it skûtsjesilen by De Lemmer, it keatsen by de Freule yn Wommels en de Hurdsyldei by de Snitswike is der dizze woansdei noch in grut sportevenemint: Concours Hippique yn Bûtenpost. Tal fan dielnimmers yn ferskate klassen litte dêr fan 12.00 oere ôf har keunsten sjen.

Foto: Robin Ammerlaan

Neffens Tiemen Dolfijn fan de organisaasje binne der ferskate kânshawwers. "Bij het springen is er een behoorlijk deelnemersveld. Wat ook wel bijzonder is, is dat we vijf vierspannen hebben, waaronder één met vier Friese dekhengsten. Dat komt bijna niet voor."

Tiemen Dolfijn fan it Concours Hippique

En ek middeis stiet noch wat bysûnders op it program. "Om half vijf komt para dressuuramazone Rixt van der Horst uit Grou met haar paard Uniek. Haar paard is al 18 jaar oud en daar heeft ze alle succes mee bereikt. Het paard mag op zijn hoogtepunt met pensioen en ze wil bij ons voor publiek afscheid nemen. Ze zal over haar belevenissen vertellen en daarna wordt Uniek afgezadeld, krijgt een deken om en een sjerp. Samen gaan ze dan de ring uit en mag het paard de wei in."

Dolfijn ferwachtet dat it in emosjoneel momint wêze sil. "Ik ben bijzonder trots dat ze dit bij ons wil doen."

(advertinsje)
(advertinsje)