Fryske syngroanswimster docht mei oan WK Master yn Súd-Koreä

07 aug 2019 - 06:33

Syngroanswimster Thirza Hoekstra fan Rotstergaast docht dizze wike mei oan de WK Master Syngroanswimmen yn Súd-Koreä. De 42-jierrige Hoekstra swimt al sûnt har tsiende. De masters binne de wrâldkampioenskippen foar de semy-profesjonele swimmers âlder as 25 jier. Thirza Hoekstra docht mei oan de ûnderdielen solo en duo-syngroanswimmen.

Thirza Hoekstra docht mei yn twa kategoryen: solo en duet. Mei elkoar dogge 174 dielnimmers mei oan it Masterskampioenskip. Ta masters kinne âld-toppers as Inge de Bruijn rekkene wurde, mar ek amateurs lykas Thirza Hoekstra.

"Het is fantastisch hier," fertelt se oan de telefoan. "Ik doe nu al een jaar of tien mee aan EK's en WK's en de concurrenten uit Duitsland, België en Engeland zijn eigenlijk vrienden geworden. Dus het is eigenlijk een soort reünie en bij elke wedstrijd kom je elkaar weer tegen. Twee jaar geleden was ik in Boedapest en zo'n tachtig procent van de deelnemers daar zijn hier ook weer."

Se moat tongersdei en freed de finales swimme en sil sneon noch in toer troch it lân meitsje. Oan ophâlden tinkt se noch lang net. "Het is veel te leuk!"

Thirza Hoekstra

Thirza Hoekstra (achter) mei Natasja van der Leden op it WK Masters yn Súd-Koreä - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)