Gevelskjinmakker bedrige mei mes yn Ljouwert

07 aug 2019 - 06:15

In 69-jierrige gevelskjinmakker is tiisdei yn Ljouwert mei in mes bedrige, nei't er wetter op de auto fan in 36-jierrige Ljouwerter griemd hie.

Foto: Omrop Fryslân

De skjinmakker wie oan it wurk op de Troelstrawei, doe't de Ljouwerter him bedrige om't syn auto wiet wurden wie. Dêrby is ek in mes brûkt. De bedriger is oanhâlden en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)