Freule dy't Freule oprjochte "hat hiel wat ynfloed hân yn Wommels"

07 aug 2019 - 05:02

It is mear as 150 jier lyn dat Freule Clara Jacoba baronesse De Vos van Steenwijk berne waard. Se is de oprjochtster fan de ferneamde keatspartij yn Wommels.

Foto: Henk Bootsma

Neffens âld-foarsitter Tinus van der Velde fan de keatspartij hat de Freule hiel wat ynfloed hân yn Wommels. "It wie in meilibjend, sosjaal minske."

"Yn de tiid dat se hjir operearre, begjin 1900, wie der in soad earmoede. Sy fielde har ta de keatssport oanlutsen, mar se hat ek mear ta stân brocht. De wenningbou wie ridlik earmoedich. Sy hat hjir trije blokken fan fjouwer wentsjes delsette litten, flakby it keatsfjild."

Yn Wommels stiet in stânbyld fan de Freule. Yn febrewaris waard der by dat byld stilstien by har 150ste bertedei.

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

"It wie in frou mei in brede belangstelling. De doetiidske foarsitter hold har ek altyd noch op de hichte fan de útslaggen, oant op hege leeftiid." Uteinlik ferstoar de freule yn 1960.

Noch alle jierren krije de winners fan de Freulepartij in byldsje fan de filla fan de freule as priis. En de partij hat noch hieltyd in protte útstrieling, seit Van der Velde. "It wurdt organisearre troch in hiel soad minsken, allegear frijwilligers. En sûnt in pear jier is der in aparte stichting, los fan de keatsferiening. Dat rint hiel goed."

Foto: Omrop Fryslân

Van der Velde, dy't begjin dizze iuw seis jier lang foarsitter wie fan de partij, hat noch hiel wat meimakke yn dy perioade. "Foaral in hiel soad wetter. Earst yn 2001, doe't Wommels wûn. We giene troch it doarp mei muzyk, mar doe kaam der in dikke tongerbui. De majoretten fleagen op de Van Sminialeane alle kanten út."

De krêft fan it doarp

In jier letter wie it noch slimmer mei it reinwetter. "Op de dei foar de Freule hiene we earst tritich milimeter wetter. De jûns noch in kear. Alles wie yn ûnstjoer: minsken kamen mei wetterstofsûgers, we ha pript yn it lân. We koene de oare dei keatse, mar dy middei foel der wer in bui. Wer tritich milimeter. Doe ha we it ôfsein en binne we in dei letter fierder gien, mei de lêste acht partoeren."

"Dan sjochst de krêft fan it doarp: de hiele tribune wie troch de frijwilligers op it fuotbalfjild wer yninoar setten. Dat bliuwt je by. Dat heart by it histoaryske barren."

De finale fan de Freule is te sjen fia in livestream op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Roelof de Vries. Op de radio dogge Geert van Tuinen en Hijlko Broersma de hiele dei ferslach.

(advertinsje)
(advertinsje)