Opnij brân yn Drachten: Is der in brânstichter aktyf?

06 aug 2019 - 23:11

De brânwacht fan Drachten is útriden foar in brân yn in konifearehage yn de Trisken. It is de njoggende kear yn in koarte tiid dat de brânwacht oproppen wurdt. Dat meldt de plysje.

Ien dei earder stie der in jiskepûde yn de brân, en ferline wike binne meardere konteners yn flammen opgien.

It is net dúdlik hoe't de brannen ûntstien binne. De brânwacht slút net út dat se oanstutsen binne. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Foto: SR Fotografie
Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)