Nederlânske kuorballers winne kwartfinale WK oertsjûgjend fan Dútslân

06 aug 2019 - 22:47

Nederlân hat op it WK kuorbal yn Súd-Afrika mei grutte oermacht wûn fan Dútslân. Yn Durban waard it 25-9 foar de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer. De Fries Erwin Zwart spile de earste helte mei.

Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

De oare Fries yn de seleksje, Marloes Frieswijk, die dizze wedstriid net mei. LDODK-spiler Marjolijn Kroon spile de hiele wedstriid. Mei seis goals waard se topskoarer.

Oranje stiet no yn de heale finale, dêr't Sjina de tsjinstanner is. Dat lân wurdt coacht troch de Nederlanner Ben Crum. Dy wedstriid stiet oankommende tongersdei op it programma. De oare heale finale giet tusken België en Sineesk Taipei.

(advertinsje)
(advertinsje)