Hûn byt ree dea yn Alde Feanen

06 aug 2019 - 22:00

Foar de twadde kear yn in pear wiken hat in hûn in ree deabiten yn de Alde Feanen. De wetterplysje sette foto's op twitter fan in hûn dy't in ree oanfâlt yn it wetter.

De foto's binne makke troch wetterrekreanten dy't it allegearre sjoen ha. Se warskôgen opspoaringsamtner Wieger Bouma en syn kollega, mar doe wie it al te let. De reebok wie al dea.

Bouma hat gjin idee wêr't de hûn wei kaam. Hy soe fan ien fan de pleatsen yn 'e omkriten weikomme kinne. It komt faker foar, in pear wike lyn ek noch: "In jong reebokje, yn de sleat, it libbe noch mar do koest wol dúdlik de bytspoaren sjen yn de rêch en yn de kont".

"It is net tsjin te hâlden"

De Alde Feanen is in natuergebiet en hûnen meie dêr net losrinne. Mar Bouma tinkt net dat dit tsjin te hâlden is. Hy docht it wurk al jierren en sjocht net dat it minder wurdt. "Losrinnende hûnen is noch altyd oertrêding nûmer ien".

Mei it pleatsen fan de foto's hopet Bouma op in stikje bewustwurding: "Minsken moatte begripe dat dit net kin".

"Hy is gewoan fersûpt"

Bouma is in echte natoerman en fynt it dan ek tryst wat der bard is: "As je je dan ek foarstelle hoe't sa'n bistje oan de ein kommen is. Je swimme hjir yn it wetter en se sitte je op 'e nekke en se bite je alle kearen. Der siet wetter yn de longen, dus hy is gewoan fersûpt".

Wieger Bouma, opspoaringsamtner yn de Alde Feanen

Trefwurden: 
hûn Alde Feanen ree
(advertinsje)
(advertinsje)