Oeren wurk om telefoanproblemen op It Amelân op te lossen

06 aug 2019 - 20:19

Nei sawat fjouwer moannen problemen mei it beljen op It Amelân is der wat oan dien. KPN-monteurs ha trije oeren wurk hân om de problemen mei de telekommunikaasje op te lossen.

Skipper falle drûch ûnder It Amelân - Foto: ANP

Al sûnt april komme telefoantsjes net oan en kin ek net belle wurde. It soarge foar grutte ergernis op it eilân. Op Facebook skriuwe eilânbewenners dat se bliid binne dat KPN 'lang om let' yn aksje kommen is.

Oft it berik echt better wurden is nei de reparaasje, is ôfwachtsjen. KPN hat in kabel fan de iene antenne ferlein nei de oare. Eastlik fan de toer soe it eilân no better berik ha moatte, mar dat is ten koste gien fan de Waadkant fan de toer.

Om de problemen hielendal te ferhelpen, moat grutter ûnderhâld dien wurde, mei nije kabels foar alle antennen. Sa'n put is net yn in pear dagen klear en kin net yn it heechseizoen dien wurde. De fjoertoer kin yn augustus net trije of fjouwer dagen ticht.

De kraan mei in earm fan mear as 50 meter, dy't KPN brûkte by it ûnderhâldswurk, moat dus letter op 'e nij nei it eilân ta.

(advertinsje)
(advertinsje)