Steatejacht docht mei oan hurdsyldei

06 aug 2019 - 20:04

Foar it earst yn sechtich jier docht it Fryske steatejacht mei oan de hurdsyldei fan de Snitswike. Under oare kommissaris fan de Kening Arno Brok sylt mei.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Behalve Brok binne der noch twa gasten, dy't njonken de bemanning meisile. Dat binne de âld-kommissaris fan Utrecht Boele Staal, dy't no foarsitter is fan de Koninklijke Zeilvereeniging Oostergoo yn Grou en kommissaris fan de Kening fan Súd-Hollân Jaap Smit.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It is dit jier 65 jier lyn dat de provinsje it steatejacht Friso kado krige fan de Koninklijke Zeilvereeniging Oostergoo en de middenstân. Dy woene dat it provinsjebestjoer de boeier brûke soe as lobbymiddel foar Fryslân en de Fryske ekonomy. Dat gebeurt noch altiten.

Fanwege it jubileum fan de Friso binne der allegear feestlikheden . Yn maaie wie der op it Provinsjehûs yn Ljouwert in offisjele byienkomst mei de boeierkommisje, dêr't organisaasjes yn fertsjinwurdige binne dy't it skip doedestiids skonken hawwe oan de provinsje.

De Friso wie yn Grou it middelpunt fan in floatskou en fear ek nei Skylge foar in besite oan de HT-race. Fierder binne der spesjale Friso-lieten makke.

Yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits is oant 1 septimber in útstalling te sjen oer de skiednis fan it steatejacht.

(advertinsje)
(advertinsje)