FIDEO: De skûtsjefloat hat in rêstdei, en by Hearrenfean hoege se net ôf te waskjen

06 aug 2019 - 21:25

Mei noch trije wedstriden te gean hie de folsleine skûtsjefloat in rêstdei. Ferslachjouwer Roelof Lousma seach oan board fan it folchskip fan Hearrenfean. Dêr hoege se net ôf te waskjen.

Neffens skipper Sytze Brouwer fan it Hearrenfean is it gesellich op it folchskip. "In echt famyljegefoel."

Syn het Pieter Brouwer is ek oan board. Hy fynt it geweldich dat it klassemint sa spannend is. "Neffens my ha se foarich jier net foaroan stien. No wol. Ik wol wol raze as se it sa goed dogge, mar dat kin net..." Brouwer fart ûnder de wedstriden op in rubberboat mei parse.

It falt analist Eelke Dykstra op dat der dit jier safolle protesten trochset wurde. "It kleuret bytiden hielendal read." Skipper Albert Visser fan De Lemmer hat dêr wol in ferklearring foar. "It leit oan dizze generaasje."

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)