Cambuur wint yn Koatstertille

03 jul 2012 - 21:50

De oefenwedstriid fan Cambuur tsjin in regioteam, tiisdeitejûn yn Koatstertille, is einige yn in 7-0 oerwinning foar de Ljouwerters. It waard in iensidige wedstriid. It regioteam krige net folle kânsen. Foar rêst stie Cambuur al mei 4-0 foar, nei de rêst trape Cambuur der dus nochris trije yn.

Yn de fyfde minút rekke Sicco Bouwer blesseard. Yn in kopduel kaam hy yn botsing mei in ferdigener fan it regioteam. Dêrby rûn hy in ferwûning oan syn holle op, dy moast hechte wurde.

(advertinsje)