Kassebedriuw Hartman wurdt ferkocht: ein september moat it regele wêze

06 aug 2019 - 18:09

Kassebedriuw Hartman wurdt ferkocht. De sinteraasje soe ein septimber útiten wêze moatte. Dat meldt it kassebedriuw sels yn in ferklearring. Der wurdt mei meardere partijen praat.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De petearen oer nij kapitaal rinne al langere tiid, meldt it kassebedriuw. It it net dúdlik oft it bedriuw hielendal ferkocht wurdt, of foar in part.

It personiel is op gearkomsten op de hichte brocht fan de nije sitewaasje. Neffens it kassebedriuw wiene dêr ek minsken fan de fakbûnen by. De ferkeap soe gjin gefolgen hawwe foar it personiel.

Miljoeneferliezen

Hartman waard twa jier lyn ferkocht oan de Fruit Farm Group. Dat wie gjin sukses, want ûnder nij management waarden miljoeneferliezen makke.

Ein 2018 kundige Hartman in grutte reorganisaasje oan. Flak foar de krystdagen kaam de meidieling dat 57 fan de 110 fêste minsken dien krije soene. Uteinlik binne tweintich minsken harren baan echt kwytrekke.

Nei de reorganisaasje liket it wer de goede kant op te gean. Dat is foar de Fruit Farm Group de reden om Hartman yn de etalaazje te setten.

(advertinsje)
(advertinsje)