FIDEO: Taiwaneesk tv-programma filmet Fryske freerunners

Bysûndere besite by Sportstêd Hearrenfean. By it urban sportpark dêr filmet de Taiwaneeske filmploech fan it tv-programma 'The Borderless Wordl' hoe't minsken yn oare lannen libje en tinke. Yn Taiwan fine âlden freerunning - it rinnen fan in útset parkoers mei hindernissen - asosjaal. Hoe kin it dan dat jo yn Nederlân sels lessen folgje kinne yn in oanlein freerunpark?
Tv-ploech Taiwan filmet Fryske freerunners
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei freerundosint Thomas Dijkmeijer
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma krijt lessen freerunnen fan Thomas Dijkmeijer