Hearrenfean hellet efterstân seizoenskaarten yn, Cambuur foar op skema
SC Hearrenfean hat oant no ta minder seizoenskaarten ferkocht as in jier lyn. De teller stiet oant no ta op sa'n 11.500. Dat binne fiifhûndert minder as in jier ferlyn. Dochs is direkteur Cees Roozemond noch wol optimistysk, want de ôfrûne dagen binne der al fiifhûndert seizoenskaarthâlders bykaam.
Roozemond tinkt dat de goede seizoensstart fan Hearrenfean meihelpt. De Friezen wûnen snein mei 4-0 op besite by Heracles. "Daarna hadden we direct al een paar nieuwe seizoenskaarthouders erbij." Dêrnjonken binne der neffens Roozemond altyd minsken dy't pas op it lêste momint beslute. "Er staat natuurlijk een nieuwe selectie, dus dan wil je een beetje weten hoe het loopt. Die hebben soms een steuntje in de rug nodig. Dat hebben ze zondag gekregen."
De lêste jierren foel benammen op dat der safolle lege stuoltsjes yn it Abe Lenstrastadion wiene. Dat wol Roozemond nuansearje. "Afgelopen zondag waren er bij Heracles Almelo net 10.000 mensen. Heel veel andere clubs moeten het doen met gemiddeld zo'n 11.000 à 12.000 toeschouwers. Wij hebben gemiddeld 18.000 à 19.000. Dus realisme is op z'n plek."
Cambuur foar op skema
SC Cambuur hat oant no ta 5.250 seizoenskaarten ferkocht. De Ljouwerter klup rint dêrmei foar op it skema fan ferline jier doe't mei-inoar 5.200 à 5.300 seizoenskaarten oer de toanbank giene.