Hans Wiegel troffen troch licht harsenynfarkt

06 aug 2019 - 16:55

Ald-kommissaris fan de Kening yn Fryslân Hans Wiegel is troffen troch in licht harsenynfarkt. Dat barde doe't er thús wie yn Aldegea. Wiegel leit no yn it sikehûs en moat tiid nimme om better te wurden.

Foto: ANP

Wiegel kin net sizze wannear't er wer yn it iepenbier optrede sil. "Dat moet ik van geval tot geval beoordelen", seit er. "Het is nog niet te voorspellen hoe dit zich ontwikkelt."

De VVD'er wie fan 1982 ôf tolve jier lang kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Hy krige de bynamme 'it orakel fan Fryslân'.

(advertinsje)
(advertinsje)