Twa skûtsjes yn heger berop nei wedstriid by Wâldsein

06 aug 2019 - 22:08

Twa skûtsjeskippers ha berop oankundige nei de protestbehanneling by de wedstriid fan Wâldsein. Johannes Meeter fan Huzum giet yn heger berop tsjin in protestsitewaasje mei Langwar. En Drachten tsjin in sitewaasje mei de Súdwesthoeke.

De skûtsjes fan Drachten en de Súdwesthoeke tsjin mekoar oan - Foto: Wiep Wierda

De sylried fan de SKS sil him oer beide sitewaasjes bûgje. Kommende freed is de útspraak, foarôfgeand oan de slotwedstriid op de Snitser Mar. Dat meldt de SKS.

Oanfarring by de ûnderste tonne

Yn de wedstriid by Wâldsein kamen Drachten en de Súdwesthoeke tsjin mekoar oan, doe't se om de ûnderste tonne hinne sile woenen. Beide skippers protestearren, en beide krigen se 14 punten.

Neffens de sjuery gong it om twa opienfolgjende sitewaasjes. By de tonne hie it skûtsje fan de Súdwesthoeke romte jaan moatten oan Drachten. En dêrnei, doe't de Súdwesthoeke frij foar Drachten lei, mocht Drachten der net tsjinoan farre.

Der barde mear by de ûndertonne, mar op de bylden binne de skûtsjes fan Drachten en de Súdwesthoeke noch krekt te sjen.

Skipper Jeroen Pietersma fan it skûtsje fan Drachten is it net iens mei de útspraak fan de sjuery. Foar de top fan it klassemint sil it heger berop gjin gefolgen ha. Drachten en de Súdwesthoeke steane, mei Langwar en Wâldsein, hielendal achteroan.

Falske start

It heger berop dat skipper Johannes Meeter fan Huzum oantekene hat, giet oer in sitewaasje direkt nei de start. Huzum starte falsk, en moast opnij oer de startline, mar bleaun dêrby net frij fan Langwar.

Op de bylden fan de start is te sjen dat de fok fan Langwar klapperet as se útwike foar Huzum.

Huzum stiet op dit stuit fjirde yn it klassemint, en hat noch sicht op de top trije. As de Huzumers gelyk krije fan de sylried, wurdt de kâns grutter dat se op it poadium einigje.

Klassemint nei Wâldsein

NEI ÔFLUK MINSTE WEDSTRIID
1 Hearrenfean 23.8 9
2 De Lemmer 24.7 14
3 Grou 27.9 14
4 Huzum 33 14
5 Akkrum 36,9 14
6 Earnewâld 37 14
7 Heale Moanne 46 11
8 De Jouwer 51 13
9 Ljouwert 53 12
10 Snits 53 14
11 Drachten 65.9 14
12 Wâldsein 67 14
13 De Súdwesthoeke 69 14
14 Langwar 85 14

It is net de earste kear dit jier dat de sylried fan de SKS útspraak dwaan moat yn in heger berop. Earder dit kampioenskip gongen Earnewâld en Drachten yn berop tsjin útspraken fan de sjuery. Troch it heger berop foel it skûtsje fan Akkrum fuort út de top fan it klassemint.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS sylried
(advertinsje)
(advertinsje)