Ministearje bepaalt: Stop op gaswinning by Noardwâlde
It Kanadeeske gasboarbedriuw Vermilion mei foarearst gjin nije boarringen dwaan by Noardwâlde fanwege de risiko's foar in natuergebiet yn de buert. Dat meldt Miljeudefinsje. De oanlieding foar it beslút is in hanthaveningsfersyk dat dy organisaasje yntsjinne hat by it Ryk.
Vermilion woe ferline wike begjinne mei de opbou fan in boarringsynstallaasje yn Noardwâlde, om nei gas te boarjen ûnder it doarpke De Hoeve. Dat leit by it Natura 2000-gebiet Drents-Friese Wold & Leggelderveld.
Miljeudefinsje luts oan de belle, omdat Vermilion de berekenningen fan de stikstofútstjit net goed dien hawwe soe. Dat soe yn striid wêze mei Europeeske wetjouwing.
Spoedberied op it ministearje
Earder sei Vermilion dat der hielendal gjin ekstra stikstofútstjit is yn it gebiet, mar neffens Alie Eiting fan Miljeudefinsje kin Vermilion dat net sizze. "Wij zagen dat het bedrijf niet alle verplichte berekeningen had gemaakt."
Nei spoedberied op it ministearje fan Lânbou hat Vermilion in formele warskôging krigen foar in mooglike oertreding fan de wet.
Twangsom
Neffens it ministearje binne gefolgen foar it Natura 2000-gebiet yndie net út te sluten. Miljeudefinsje seit dat it ministearje Vermilion sels in twangsom oplizze kin.
Vermilion is it earste gasbedriuw dat rekke wurdt troch de 'stikstofútspraak' fan Ried fan Steat. Dy hat bepaald dat it Programma Aanpak Stikstof (PAS) fan de ryksoerheid yn striid is mei de Europeeske wet- en regeljouwing. Mei it PAS woe it Ryk stikstofútstjit op in Natura 2000-gebiet mooglik meitsje.