Partoer PC-winners útelkoar, nije partoeren yn 2020

It partoer fan de winners fan de PC fan ferline wike falt nei dit seizoen útelkoar: opslagger Marten Bergsma giet by Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wei. Takom jier sil hy keatse mei Dylan Drent en Hendrik Kootstra. "Ik tink dat ik better by dy mannen pas", is de ferklearring fan Bergsma.
© www.orange-pictures.nl
Drent en Kootstra keatse dit seizoen noch mei opslagger Bauke Triemstra. Dy moat dus ek op syk nei in nij partoer. Dat wurdt net it partoer fan Hiemstra en Wassenaar. Sy ha al in nije maat regele foar takom jier: Menno van Zwieten.
Van Zwieten giet fuort by Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Dy sille no fierder mei Enno Kingma. Bauke Triemstra hat dêrtroch no ek nije maten fûn. Hy nimt it plak oer fan Enno Kingma yn it partoer fan Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong.
Nije partoeren yn 2020

- Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra;
- Menno van Zwieten, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra;
- Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong;
- Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.
Hans Wassenaar wie ferrast doe't er hearde dat Bergsma fuort gean soe. Bergsma snapt dat wol. "It kin in skok wêze. Tsientûzen minsken ha sjoen hoe moai oft we keatsten op de PC. Mar je kinne net yn de minske sjen." As je de PC winne, wêrom dan dochs útelkoar gean? "We ha lang net alles wûn. Fiif krânsen is net min, mar it kin altyd better. It is puer op gefoel. En ik ha it gefoel dat ik mei Drent en Kootstra ek hiel fier komme kin."
Stel it rint goed, dan ha je foar de takomst ek in moai partoer.
Marten Bergsma oer syn nije maten
De leeftiid fan syn nije maten hat der ek mei te krijen. "Sy binne wat jonger as my. Ik sjoch ek nei de takomst. Stel, it rint goed, dan ha je foar de takomst ek in moai partoer."
It keatsseizoen is lykwols noch net dien, en dus stean Bergsma, Hiemstra en Wassenaar noch wol in pear kear mei-inoar op it fjild. "De earste kear dat we elkoar wer sjogge, sil it wol even apart wêze", tinkt Bergsma. "Mar der bart elk jier wol wat mei de 'stellerij'. We meitsje in praatsje en stekke dan de koppen wer byelkoar. As we op it fjild stean, wolle we allegear wer winne."
Foarige wike wûn Bergsma mei Hiemstra en Wassenaar de belangrykste keatswedstriid fan it jier.