Ynwenners Wetsens binne net bliid mei pealtsjes op tsjerkhôf

06 aug 2019 - 15:22

Argewaasje oer hoe't it giet op it tsjerkhôf fan Wetsens, in doarpke krekt boppe Dokkum. De PKN, de organisaasje fan protestantske tsjerken, set dêr by alle grêven pealtsjes del mei wite buordsje derop. It sjocht der net út, fine doarpsbewenners en ek de pleatslike kommisje fan de stichting Alde Fryske Tsjerken fan de tsjerke.

Douwe Streekstra is ien fan de frijwilligers fan de PKN-gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens dy't de pealtsjes yn de grûn slacht. Hy sprekt op persoanlike titel en fynt it goede saak dat se der komme, want "as minsken hjir komme, witte se fuortendaliks wêr't se wêze moatte."

"Ynienen stiene de pealtsjes der"

Anne de Bruin fan de pleatslike kommisje fan de stichting Alde Fryske Tsjerken is net bliid mei wat der bart. Dêr hat er meardere redenen foar. As earste wisten se fan neat. De swarte pealtsjes fan 20 sintimeter heech mei wite buordjes derop stiene der samar ynienen. Der stean no twahûndert en it sille nei alle gedachten sawat trijehûndert wurde, seit er. De Bruin begrypt de registraasje en fynt it ek wichtich, mar de proseduere, dat se fan neat wisten, kart er net goed. Yn de tsjerke fan Wetsens binne wol gauris aktiviteiten en se krije in soad reaksjes fan minsken dy't de pealtsjes freeslik fine.

Fierders kinst it tsjerkhôf minder goed ûnderhâlde, omdat de pealtsjes yn it paad stean by it gersmeanen. It sjocht der ek net út en boppedat it is kultuerhistoarysk net ferantwurde, seit De Bruin.

Foto: Omrop Fryslân

It finen kinne fan de grêven is fan wêzentlik belang, erkent De Bruin, mar dat kin yn it digitale tiidrek ek oars, mei in app of op de kompjûter. In lid fan de pleatslike kommisje fan de stichting Alde Fryske Tsjerken hat de PKN Dokkum-Ealsum-Wetsens dêr in foarbyld fan stjoerd. Hy hat alle nammen, alle plakken en alle nûmers yn kaart brocht. De leden fan de pleatslike kommisje wolle de minsken graach helpe by it finen fan in grêf.

Foto: Omrop Fryslân

En oars binne der noch altyd de nûmers fan de rigen op de tsjerkemuorre: de âlde metoade út it ferfine om grêven te finen. Wat De Bruin wol is bettere kommunikaasje en meihelpe oan registraasje, mar dan wol passend by Wetsens.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Wetsens

Trefwurden: 
Wetsens tsjerkhôf pealtsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)