Ferdieldheid oer ferkeap en brûken fan gniisgas yn Snitswike

06 aug 2019 - 14:26

Gniisgas mei net op strjitte ferkocht wurde, mar de strjitten yn Snits lizze wol fol mei ballontsjes. It soarget foar twaspjalt by de hoareka, de befeiliging en de gemeente.

De ferdieldheid komt omdat in oantal hoarekagelegenheden gniisgas binnendoar ferkeapje en de jongerein ûnderinoar ek ballonnen ferkeapet. Befeiligers sjogge benammen gefaren by it brûken fan gniisgas op drokke pleinen, mar de gemeente kin it net ferbiede.

Minsken kinne út de tiid reitsje. Juster ha wy dat ek hân. Se wurde fertrape en wy sjogge se net lizzen as se op de grûn lizze.

Johan Peperkamp fan BS Beveiliging

"Der binne safolle minsken hjir. Jo kinne it gewoan net alles yn de gaten hâlde", fertelt Johan Peperkamp fan BS Beveiliging. Hy wol graach dat it gniisgas ferbean wurdt, want it jout in soad ellende, seit er. "Minsken kinne út de tiid reitsje. Juster ha wy dat ek hân. Se wurde fertrape en wy sjogge se net lizzen as se op de grûn lizzen."

Johan Peperkamp fan de befeiliging oer hoe't se omgean mei gniisgas

Foto: Omrop Fryslân

Nettsjinsteande wat de befeiligers sjogge, falt it tal meldingen fan drank- en drugsgebrûk by de húsdokterpost en it Antoniussikehûs yn Snits ta. Oant no ta is ien persoan binnenkaam dy't gniisgas brûkt hie. Mar oft der in kombinaasje mei alkohol wie en hoefolle gniisgas oft dy persoan brûkt hie, is net dúdlik.

Undernimmer Wouter van Dort is ien fan de ûndernimmers dy't gniisgas ferkeapet. "Wij zagen een gat in de markt", fertelt er. "Op een zaterdagavond hebben we minimaal duizend klanten." Van Dort wit fan de soargen dy't minsken hawwe, mar sjocht dêr sels oars nei. "Ik denk dat hetzelfde geldt voor alcohol. Als je er te veel van gebruikt, is het niet goed voor je lichaam. Neem je alles met mate, dan kan het geen blijvende schade of problemen geven."

Undernimmer Wouter van Dort oer it ferkeapjen fan gniisgas

Trefwurden: 
Snitswike ballonnen gniisgas
(advertinsje)
(advertinsje)