Aldere fytser ferwûne nei oanriding by Dronryp

06 aug 2019 - 14:00

By in ûngelok op de Strjitwei by Dronryp is tiisdeitemiddei in âldere fytser ferwûne rekke. De man fytste mei in frou op in fytspaad. Doe't se de dyk opdraaiden, seagen se in auto oer de holle.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De auto rekke de man, dy't foel en ferwûne rekke oan de holle. Hy wie noch oansprekber, mar is wol troch de ambulânse meinommen nei it sikehûs. Troch de skrik foel de frou ek, mar sy rekke net ferwûne.

Omstanners ha earste help ferliend by de man. De dyk is ôfset foar ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)