Blommen op it earste grêf begraafplak Ljouwert

06 aug 2019 - 11:27

De gemeente Ljouwert leit woansdeitemoarn blommen op it alderearste grêf op de Noorderbegraafplaats yn de stêd. It is dan krekt hûndert jier lyn dat frou Barbera Wielinga-Vergonet dêr te hôf brocht is.

Foto: Google Streetview

Yn de hûndert jier dêrnei is de Noorderbegraafplaats útgroeid ta it belangrykste hôf fan Ljouwert. De gemeente wol stilstean by it it hûndertjierrich bestean fan it hôf.

Wethâlder Feitsma leit dêrom woansdei in blomstik op it grêf fan frou Wielinga-Vergonet. Dêr is ek famylje fan har by, en meiwurkers fan it begraafplak.

(advertinsje)
(advertinsje)