Jelmer Chardon mei Eise 489 kampioen Fryske túchsport

06 aug 2019 - 11:07

De stamboekhynst Eise 489 fan Jelmer Chardon fan Jorwert is de nije kampioen yn de heechste klasse fan de Fryske túchsport. It hynder, fan wa't Maurits 437 de heit is, pakte de titel op it Konkoers Hippique yn it Noard-Hollânske Opmeer.

Jelmer Chardon - Foto: Omrop Fryslân

De oare kânshawwers yn de finale wiene Joppe fan Aldehaske en Hunk út Aalsmeer. It slagge Jelmer Chardon mei Eise deryn om de sjuery te oertsjûgjen. Dat die er mei in krêftige en sterk ûnderbrochte efterhân en in útsprutsen gymnastyske foarhân.

Ferline jier ferlear Chardon de titel noch, mar dy hat er no dus werom.

(advertinsje)
(advertinsje)