Fjirde brân yn Drachten yn ien wike

Foar de fjirde kear yn in wike tiid hat der brân west yn Drachten. Dit kear wie it jiskepûde oan de Splitting.
© De Vries Media
In foarbygonger seach dat de jiskepûde yn de brân stie en warskôge de plysje. Dy hat it fjoer útmakke mei in amer wetter. De plysje hat in buertûndersyk dien. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend, mar de brânwacht slút net út dat it oanstutsen is.
Ferline wike stie op tongersdei in papierkontener op de Bergleane yn 'e brân. Op woansdei kaam der in melding oer twa konteners oan de Dwarswyk. Ek tiisdei wie it raak op twa plakken: in kontener oan de Noarderdwersfeart en de oare oan De Leijen.