Frontale botsing tusken twa scooters yn Ljouwert, ien persoan ferwûne

06 aug 2019 - 08:59

By in frontale botsing tusken twa scooters op de Sylsterdyk yn Ljouwert is ien fan de bestjoerders, in famke, ferwûne rekke.

Foto: Anton Kappers

De berstjoerder is ûndersocht troch de ambulânse. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De leechsteande sinne kin in mooglike oarsaak wêze. De plysje docht noch ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok scooter
(advertinsje)
(advertinsje)