Organisaasje Freule siket fjouwer âlde dielnimmerslisten

1903, 1904, 1915 en 1918: de dielnimmerslisten fan dy edysjes fan de Freulepartij ûntbrekke noch út it argyf. De organisaasje hat alles neisocht en it hiele keatsmuseum op de kop setten, mar sûnder resultaat.
"Wy sille fierder sykje moatte as allinnich yn Fryslân", seit frijwilliger Hessel Hofstra. "De winners fan alle jierren ha wy wol út de kranten helle. Dêr waarden dan de lêste omlopen goed omskreaun", fertelt er. "En fan 1904 ha wy de ôfdielingen dy't meidien ha, mar de dielnimmers net."
Frijwilliger Hessel Hofstra oer harren syktocht
Hofstra hat wol in idee hoe't it kin dat de listen fuort binne. "Ik tink sels dat de earste wedstriid in leuk inisjatyf wie. Dan kinst dy ôffreegje oft de listen der wol wiene. En yn de oarloch is it nedige fuortrekke."
Mei de oprop hopet Hofstra dat er minsken bûten Fryslân ek berikke kin. "Troch ynternet kin it dat minsken sizze: dat ha ik noch yn in skuondoaze te litten. Alles is mooglik."
De finale fan de Freule is woansdei 7 augustus te sjen op in livestream op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Roelof de Vries. Op de radio dogge Geert van Tuinen en Hijlko Broersma de hiele dei ferslach.