Personiel Noorderbreedte krijt mear romte om beslissingen te meitsjen

Selsstjoerende teams en mear omtinken foar it libbensferhaal fan de kliïnten. Dêr set soarchynstelling Noorderbreedte de kommende trije jier op yn. It doel is om sa tichter by minsken te stean en bettere soarch leverje te kinnen. Ferline jier binne se úteinset mei, sa't se dat neame, Expeditie 2020.
© Google Street View
Net allinnich mear de direksje, mar ek it persoaniel sil romte krije om beslissingen te meitsjen. En dat soarget foar in folsleine kultueromslach binnen it bedriuw, dy't wol even wennen is. "Wij zijn gewend om de regels op te leggen", fertelt lid fan de Ried fan Bestjoer fan Noorderbreedte Henri Janssen. "Als je dit gaat veranderen, dan vraagt dat veel ons en van de medewerkers."
Henri Janssen fan Noorderbreedte leit út oer Expeditie 2020
Dêrom hat de organisaasje trije oant fjouwer jier útlutsen foar de feroaring. Janssen: "Het loopt op zich goed. Er zijn negen teams vanuit verschillende locaties waarmee we hebben gekeken hoe de zorg het beste geleverd kan worden binnen dat nieuwe proces. Op die manier proberen we het vorm te geven."