Keatsers en muzyk yn it Freule Kafee

Yn It Reade Hynder yn Wommels ûntfangt presintator Geert van Tuinen de keatstoppers fan doe en no om foarút te sjen op de Freule: ûnder de jonges dé keatspartij dêr't it hiele jier nei ta libbe wurdt. It Freule Kafee is op tiisdei 6 augustus fan 18.00 oere ôf te hearren op de radio.
© Henk Bootsma
Te gast is ûnder oaren Tjeerd Dijkstra, de nije foarsitter fan de Freule. In moaie gelegenheid om efkes yn de kunde te kommen mei him. Fierder skowe ek keatsers Jesper Tolsma (Reduzum) en Jordy Mossel (Dokkum) oan om it te hawwen oer de prestaasjes fan dit seizoen en de ferwachtingen fan de Freule.

Freule-winst yn eigen doarp

Ald-keatser Piet de Jong wûn fyftich jier lyn de Freule. Hy pakte dy winst yn syn eigen doarp, fansels: Wommels. Hoe sjocht De Jong op dy tiid werom? Santjin jier lyn, yn 2002, reinde de Freule folslein út en moast de partij de folgjende dei útkeatst wurde. De finale doe wie tusken Aldebiltsyl en Reahûs-Turns. Gert Jan Faber en Bauke Poelsma fertelle oer dy partij.
De muzyk komt fan Stageline. Publyk is wolkom by it Freule Kafee dat úteinset op tiisdei 6 augustus om 18.00 oere yn It Reade Hynder yn Wommels.
De finale fan de Freule is woansdei 7 augustus te sjen fia in livestream op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Roelof de Vries. Op de radio dogge Geert van Tuinen en Hijlko Broersma de hiele dei ferslach.