FIDEO: Sa omsylt Hearrenfean talleaze reade flaggen op Hegemer Mar

05 aug 2019 - 21:32

Hearrenfean hie der gelok mei dat by Wâldsein de earste start falsk wie. Dat seit skipper Sytze Brouwer yn de útstjoering fan Skûtsjesilen 2019. "Dêr sieten we hielendal opsletten. Mar dat jout neat, it wie falsk."

Yn 'skûtsjetûk' giet it diskear oer famyljeskûtsjes. Dêr binne der twa fan yn de float. En yn Wâldsein wisten de measte minsken ien wol te neamen...

De Heale Moanne pakte it twadde twadde plak fan it kampioenskip. Roelof Lousma praat mei de skoateman. Dy sylt mei syn soan op it skûtsje.

Skipper Klaas Westerdijk fan de Heale Moanne komt ek oan it wurd. Foar him wie it in thúswedstriid. By de priisútrikking kaam er syn eigen frou tsjin.

Trefwurden: 
Wâldsein skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)