FIDEO: Concours Hippique drok mei tariedings

05 aug 2019 - 20:15

Op it Mejonsmafjild yn Bûtenpost is de organisaasje fan it Concours Hippique drok dwaande mei de opbou. De 66e edysje wurdt tradisjoneel hâlden op de earste woansdei fan augustus. It is ien fan de grutste konkoersen fan Fryslân. Der wurde sa'n fiiftûzen minsken ferwachte.

Jan Folkert de Vries organiseearret it konkoers no foar it tredde jier. "Myn oerpake wie yn 1954 ien fan de oprjochters fan it Concours Hippique yn Bûtenpost", seit er. De Vries is sels net echt in hynsteman. Syn pake en oerpake wiene dat wol. "Ik fyn de Fryske hynders it moaist", seit er.

It Concours wol him ûnder oare ûnderskiede mei oerdekte tribunes. Dy hawwe se no al opboud. "Fierder is it in moai konkoers om't it midden yn it doarp is", seit De Vries.

Foar de tariedings binne de tinten al opset, de ring útset, de reklamebuorden ophongen en de tinte foar de catering stiet der ek al. "We moatte noch it tintsje foar de sjuery yn de ring pleatse, en de standsjes foar sponsoaren, mar we lizze moai op skema."

It gers fan it Mejonsmafjild is grien. Dat wie net maklik, mei de drûchte. "We hawwe minsken ynset dy't it fjild wikenlang besproeid ha", seit De Vries.

It Concours Hippique is op woansdei 7 augustus de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)