Canal Parade yn Amsterdam wie 'magysk'; takom jier wer hinne
As it Frijheidsbyld stie Andries Seefat sneon op it Fryske skûtsje by de Canal Parade yn Amsterdam. Hoe hat er it feest belibbe?
"Het was fantastisch!" seit Andries Seefat, fan de Stichting Promo Gay Leeuwarden. Sûnt jierren die wer ris in Frysk skip mei, dat hat Seefat organisearre.
"We hebben in 2008 meegedaan en nu weer, en het was magisch. Omdat we elf jaar niet hebben meegedaan wilden we Friesland zichtbaar maken door met een skûtsje te varen met pompeblêden. De reacties waren waanzinnig, het was een mooi plaatje om naar te kijken."
Takom jier wol er ek wer meidwaan. "Dan niet weer met een skûtsje, dan willen we een nieuwere versie van Friesland neerzetten. Maar we gaan er wel weer heen."
Tolerânsje
De boateparade is de ôfsluting fan de Pride Wike, dêr't leafde yn alle foarmen yn fierd wurdt mei in soad omtinken foar de rjochten fan de LHBTI-mienskip.
Neffens Seefat is de tolerânsje nei de LHBTI-minsken wol minder wurden en moatte we der mei syn allen wat oan dwaan. "We moeten het meer zichtbaar maken. Deze maatschappij moeten we met zijn allen leefbaar maken."