Fryslân Fêstlein: "Mei hichtefrees op de toer fan It Amelân"

'Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân.' Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear fertelt Renny de Vries oer har tiid op it Amelân.
Fryslan Festlein diel 10 Fjoertoer Amelân

Mei hichtefrees op de toer

Op de foto sjogge we fakânsjehúskes tusken Hollum en de Noardsee en foar my is dizze foto is hiel bysûnder omdat er fan de toer fan It Amelân ôf makke is," sa fertelt Renny grutsk. "Ik bin as de dea foar hichten, dus wie it hiel wat om op sa'n toer te klimmen. Dan moatst dy der wol efkes oer hinne sette."

Stien yn de búk

De tocht omheech wie dan ek in hiele ûndernimming. "Myn man en ik hawwe der wol lang oer dien. Ik moast hieltyd efkes ophâlde en sykhelje. It kâlde swit yn de hantsjes en mei it ferstân op nul. Sa haw ik it helle. Mar dat omheech klimmen dochst echt mei in stien yn de búk, want je hawwe de eangst wol."

Momint kaam pas letter

"Ik wie sa bliid doe't ik dy foto skeat. It útsjoch wie manjefyk en ik stie er doch mar efkes," fertelt Renny fol entûsjasme. "It nuvere is, dat it momint pas echt kaam doe ik wer ûnder wie. Ik hie al dy foto's op 'e telefoan en ik seach it noch werom, doe fielde it echt as in oerwinning."
No bin ik hast in beropsklimmer.
Renny de Vries
Sûnt dat momint is Renny faker op grutte hichten te finen. "Ja, ik klim no hast op alles foar in moai útsjoch. Je kinne it hast in beropsklimmer neame," seit sy mei in knypeach.
Renny de Vries oer har oerwinning op It Amelân
'Fryslân Fêstlein'
Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.