Mollema hast yn Tour-top 10

03 jul 2012 - 19:25

Bauke Mollema is hast opklommen nei de earste tsien yn it algemien klassemint fan de Tour de France. De hurdfytser út Ljouwert (no 11e) kaam tiisdei yn Boulogne-sur-Mer berchop mei de bêsten mei en einige as njoggende. Ritwinner waard foar de twadde kear Peter Sagan.

Maarten Tjallingii kaam strompeljend de bus yn. Hy wie belutsen by in falpartij en hie in dikke knibbel en bloed op syn earmtakke. Ek Lieuwe Westra ferspile in protte tiid troch in fal. Hy waard 123e op 7.27 fan de winner. Pieter Weening einige as 93e op 3.54.

(Advertinsje)
(Advertinsje)