CNV sil mei personiel en direksje Hartman yn petear oer oernameplan

It fakbûn CNV wachtet foarearst ôf wat der bart mei in eventuele oername fan túnboubedriuw Hartman fan Seisbierrrum. Ofrûne wykein stie yn it Financieele Dagblad dat de eigener fan Hartman, de Belgyske Fruit Farm Group it bedriuw ferkeapje wol.
© Omrop Fryslân, René Koster
Hartman waard twa jier lyn ferkocht oan de Fruit Farm Group. Mar dat waard noait in sukses. Under in nij management waarden miljoeneferliezen makke. Nei in reorganisaasje liket it dit jier wer de goeie kant út te gean. En dat is foar de Fruit Farm Group ek de reden om Hartman yn de etalaazje te setten.
Bernard Zijlstra fan it CNV wie net op de hichte fan de plannen. Hy is moandeitemoarn bypraat en sil tiisdei nei it bedriuw ta. "Ik heb een afspraak met de directie en zal met de medewerkers praten over de inhoudelijke gevolgen."
Wat dy krekt wêze sille, kin er noch net sizze. "Vooralsnog lijken de gevolgen niet aanwezig, maar je weet nooit. Het is afwachten. Onze insteek was en is nog steeds: behoud van werk en arbeidsrust."