Kuorballers Nederlân nei kwartfinales WK

05 aug 2019 - 17:05

De Nederlânske kuorballers, mei de Friezen Erwin Zwart en Marloes Frieswijk, hawwe moandeitemiddei de kwartfinales fan it WK berikt. Yn de achtste finales wie Oranje mei 34-7 te sterk foar de tsjinstanners út Ierlân.

Foto: ANP

Spylster Marloes Frieswijk fan LDODK skoarde twa kear yn de wedstriid, dy't úteinlik frij ienfâldich wûn waard troch de Nederlânske ploech.

Yn de kwartfinales treft Nederlân it Dútske team. Dy ploech wûn moandei mei 22-9 fan Poalen. It WK kuorbal wurdt hâlden yn Durban, Súd-Afrika.

Trefwurden: 
WK kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)