Fertochten oanhâlden yn drugsûndersyk Ljouwert

05 aug 2019 - 17:04

De plysje yn Ljouwert hat yn in rinnend ûndersyk nei drugs- en fjoerwapenkriminaliteit trije minsken oanhâlden. De trije wurde fertocht fan de hannel yn harddrugs.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Yn har hûs is in grut ferskaat oan harddrugs en softdrugs fûn, wêrûnder fjouwer kilo speed, xtc-pillen en kokaïne. De plysje fûn ek in nepfjoerwapen.

Ien fan de fertochten sit fêst, de oare twa binne wer op frije fuotten. Se moatte wol foarkomme. De plysje slút mear oanhâldingen net út. En der wurdt ek besocht om it hûs fan de fertochten tydlik te sluten.

(advertinsje)
(advertinsje)