Sportcast diel 2: "Litte we no net de polonêze rinne"

05 aug 2019 - 17:01

Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.

Foto: Omrop Fryslân

Sportcast 5 augustus 2019

Winst Hearrenfean jout hoop

"Litte we no net de polonêze rinne. Heracles wie no net bepaald goed", sa begjint Arjen de Boer. "Hearrenfean wûn ferline jier ek knap de earste útwedstriid fan it seizoen yn Zwolle en we witte hoe't it seizoen ferrûn is."

"Dat is wier", seit Roelof de Vries. "Mar it jout wol hoop. Bruijn wie echt goed, Van Bergen is in groeibriljant en ferdigenjend stie it benammen sintraal lang om let wer ris goed."

Foeke Booy hat goed ynkocht.

Arjen de Boer oer Cambuur

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Cambuur goed ynkocht, mar minne generale

Cambuur begjint freed mei in útwedstriid oan it seizoen. De ploech fan Henk de Jong treft syn âlde ploech De Graafschap. De oefenwedstriid tsjin FC Volendam joech noch net echt reden foar positiviteit. "Goeiedag zeg," seit De Boer, "dy Hoedemakers spilet net mear by de beloften fan AZ hè. Hoe't dy útferdigenet, dat kin echt net."

Andor Faber is posityf oer de oankeapen, mar minder oer de wedstriid tsjin Volendam. "Ik tink dat de supporters fan Cambuur dit net tocht hiene. Der gongen nochal wat persoanlike flaters oan de goals foarôf. Dat moat derút."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)